Jonge ferslaafden sykje help

30 maaie 2013 - 21:58

Fryske jongeren komme hieltyd faker mei in kanabis-ferslaving by de Ferslavingssoarch Noard-Nederlân. It giet om jongerein fan tusken de 18 en 23 jier , mar de jongste dy't yn behanneling is, is 15 jier âld. Yn 2012 kamen mar leafst 455 Friezen mei in kanabis-ferslaving telâne by de ferslavingssoarch. De grutste groep is noch altyd tusken 24 en de 35, mar de groep dêr ûnder is de lêste jierren bot groeid.

Dat betsjut neffens de ferslavingssoarch net dat der mear jongeren oan kanabis ferslaafd binne, mar se witte harren paad te finen nei de helpferliening. De ôfrûne jierren is bot ynset om de jongerein te berikken. Under oaren troch de ynset fan jongereinwurkers en skoallen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)