Kop-sturt-botsing by Ljouwert
By in kop-sturt-botsing by de stoplochten nei de Ljouwerter wyk Suderbuorren is in man fan 48 jier ferwûne rekke. Dat barde tongersdeitemiddei.
De man klage nei de botsing oer pine yn de nekke. Hy is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.