Gebou Ferslavingssoarch iepene

Nei jierren fan stilstân hat Ferslavingssoarch Noard-Nederlân einliks tongersdei in nij gebou oan de Oostergoweg yn Ljouwert iepene. It pân waard yn 2008 al kocht, mar pas dit jier koe der fan start gien wurde mei de ynrjochting. Dat hie foaral te krijen mei it jild. It gebou moast earst flink opknapt wurde en dêr wie troch de besunigings yn de soarch eins gjin jild mear foar. Ek omdat lange tiid net dúdlik wie hoe't it no komme soe mei dy besunigings.
De oankeap en ferbou hat in pear miljoen euro koste, mar dêrtroch kin besparre wurde op de hier fan oare gebouwen yn de stêd. Dy binne neffens de direksje net mear nedich. Yn it nije gebou sil help ferliend wurde oan ferslaafden, dy't net opnommen wurde hoege. Yn it âlde gebou fan de Ferslavingssoarch, dat njonken it nije gebou stiet, bliuwt de hjoeddeiske klinyk foar ferslaafden sitten.