Van Olffen stapt op by PvdA

30 maaie 2013 - 20:01

PvdA riedslid Jan van Olffen stapt per direkt út de PvdA-fraksje yn Ljouwert en giet fierder as ienmansfraksje. Van Olffen is teloarsteld, omdat der foar him gjin plak mear is op de list foar de ferkiezingen yn novimber dit jier. Jan van Olffen hat sawat 28 jier diel út makke fan de PvdA-fraksje yn Ljouwert. Freed sil hy ek it partijlidmaatskip fan de PvdA opsizze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)