Eask yn saak poppemishanneling

30 maaie 2013 - 17:10

De rjochtbank Ljouwert hat 4,5 moanne selstraf easke tsjin de Ljouwerter dy't in lytse poppe swier mishannele hat. Dat komt oerien mei it foararrest fan de man. By de strafeask sit ek noch 9 moanne selstraf ûnder betingst, in proeftiid fan trije jier mei tafersjoch fan de reklassearring en in wurkstraf fan 240 oeren.

De man rûn septimber ferline jier slingerjend oer de Nieuweburen mei in poppe fan in pear moanne op de earm. Hy botste hast mei de bernewein tsjin in beam. Hy hâlde fierders de poppe oan ien earm yn de loft.

Oer twa wiken is de útspraak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)