Winkel yn Ljouwert oerfallen

30 maaie 2013 - 16:55

In ûnbekende man hat tongersdeitemiddei in winkel oan de Bleekleane yn Ljouwert oerfallen. De man bedrige in personielslid mei in mes en easke jild. Dêrnei naam er in bedrach mei út de kassa.

Bûtendoar krige de oerfaller help fan in oare man dy't klear stie mei in fyts. It duo naaide út yn de rjochting fan de Tjerk Hiddesstrjitte. De plysje hat in grutte sykaksje hâlden, mar de twa net fûn. It personielslid is opfongen troch de plysje en kriget slachtofferhelp oanbean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)