Nije stoomtsjettel foar DE

30 maaie 2013 - 16:52

By Douwe Egberts op 'e Jouwer is tongersdei in nije duorsume stoomtsjettel offisjeel yn gebrûk naam. De tsjettel wekt troch it ferbrânen fan kofjegrom enerzjy op.

It kofjebedriuw is troch de nije tsjettel yn steat om 90 persint fan de eigen enerzjybehoefte op it eigen terrein te produsearjen. Oant no ta wie dat 45 persint op basis fan de tsjettel dy't al yn 1967 boud is. De nije tsjettel ferget in ynvestearring fan in pear miljoen euro. It krekte bedracht wurdt net bekend makke.

It kofjefabryk fan Douwe Egbert makket op 'e Jouwer kofjekonsintraat foar automaten yn bedriuwen en oploskofje foar thúsgebrûk.

Trefwurden: 
DE Douwe Egberts kofje tsjettel
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)