VC Snits strikt toptalint
De follybalsters fan VC Snits krije takom seizoen fersterking fan toptalint Ilse Janssen. De 15-jierrige Janssen komt oer fan Dynamo Apeldoorn, wêrmei't se al twa seizoenen yn de earedivyzje spile.
Coach Petra Groenland is tige ynnaam mei de komst fan it talint: 'Ik verwacht dat ze ons team completer kan maken, zeker ook met haar aanvalskracht op de buitenkant.' Groenland en Janssen wurken ferline jier al gear op it EK foar jeugdteams. De seleksje fan Snits bestiet no út 12 spylsters. De nije kompetysje begjint yn oktober.