Wetter yn Birstumerpolder

06 jan 2012 - 09:07

De Birstumerpolder tusken Grou en Akkrum stiet foar in part ûnder wetter. It wetter yn de Sylroede dêr stiet sa heech dat it wetter oer de polderdyk komt. Tongersdeitejûn is dêr in kraan oan it wurk west om de dyk op te heegjen.

Ek is der in pomp pleatst om wetter fuort te meallen. By deiljocht fannemoarn liket dat fertuten dien te hawwen, mar troch de minne steat fan de polderdyk bliuwe der soargen by bewenners fan de polder.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)