Daamwand haven Harns klear

Fearboat fan Doeksen © ANP
It wurk oan de daamwand yn de haven fan Harns is klear. Rykswettersteat hat him ôfrûne wiken opknapt, omdat er oan ferfanging ta wie. De daamwand is ûnderdiel fan it oanlisplak foar de fearboaten fan en nei Skylge en Flylân. De sneltsjinst fan en nei dy eilannen hat yn dy tiid hieltyd op in oar plak oanlein. Sûnt woansdei kin dat wer op it gewoane plak.
It wurk oan is hielendal neffens planning ferrûn.