Programma keningspear bekend

30 maaie 2013 - 14:20

As it programma fan de keninklike besite oan Fryslân op 14 juny útrint, kin dat ridlik maklik by de fartocht fan Starum nei Enkhuzen wer ynhelle wurde. Dat seit kommissaris fan de Kening Jorritsma. Tiisdei rûn de besite oan Grinslân noch út. Dat gie ta skea fan de tiid dy't de nije kening en keninginne hiene yn Drinte.

It programma foar freed 14 juny is tongersdei bekend makke. Moarns binne Willem-Alexander en Máxima yn Ljouwert, Akkrum, De Jouwer, Ealahuzen en Starum. Middeis gean se nei Noard-Hollân.

In opfallend ûnderdiel yn it programma yn Fryslân is in demonstraasje fan slingeraap en mêstklimmen yn Akkrum. Advokatetwilling Hans en Willem Anker jouwe dêr kommintaar by. Boargemaster Ton Baas fan Boarnsterhim sil ek by de besite fan it keninklik pear oanwêzich wêze. Hy rekke yn maart út it wurk nei in lichte harsenblieding. Baas is no wer safier better dat er wer oan it wurk kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)