Supporters sizze fertrouwen op

Publyk achter de ploech © awfoto.nl
De beide supportersferienings fan Sportklup Hearrenfean hawwe it fertrouwen yn de hjoeddeistige direksje en de ried fan kommissarissen fan de klup opsein. Sawol by Nieuw Noord as by Feanfan binne se it net iens mei de gong fan saken. Se tinke net dat it yn de takomst noch goed komt.
De supportersferienings bale fan de opskuor om de klup hinne, dy't yn harren eagen feroarsake wurdt troch it bestjoer. De reboelje mei sposors, it wantrouwen by de wurknimmers en de omgong mei earefoarsitter Riemer van der Velde is harren bot yn 'e wei.
Freed organisearje Nieuw Noord en Feanfan in iepenbiere byienkomst foar alle supporters, sponsors en oare belutsenen dy't prate wolle oer de sitewaasje by Sportklup Hearrenfean.