Klappen yn soarchynstelling

Soarchynstelling oan 'e Borniastrjitte yn Ljouwert © Google Streetview
De plysje hat woansdeitejûn in 26-jierrige man út Ljouwert oppakt, omdat er earder dy jûn in frou fan 24 jier mishannele hie. Dat wie yn in soarchynstelling oan de Borniastrjitte yn Ljouwert. De frou rûn troch de klap in harsenskodding op.
De fertochte wie útnaaid, mar koe koart dêrnei oanhâlden wurde. Hy fersette him by syn arrestaasje, mar koe úteinlik meinaam wurde nei it buro. Dêr is er fêstset.