Plysjeman yn finger biten

30 maaie 2013 - 11:45

Yn Grou is woansdei in plysjeman ferwûne rekke, doe't er in 31-jierrige man út it doarp arrestearje woe. De plysje en syn kollega woene de Grouster kontrolearje omdat er him nuver gedroech by parkearde fytsen.

Doe't de plysje de fertochte nei syn papieren frege, naaide er út. By syn arrestaasje aksele er bot tsjin. Hy biet in plysjeman yn de finger. De plysje rûn ek in pynlike nekke op. De Grouster is úteinlik oppakt en fêstset op it buro.

Trefwurden: 
plysje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)