Motorplysje kriget bekeuring

30 maaie 2013 - 10:58

In motorplysje yn boarger is woansdei op de A7 by Drachten op de bon slingere foar syn rydgedrach. De man waard trapearre op te hurd riden, op te ticht op de foargongers riden en op it riden oer in ferdriuwingsflak. De plysjeman kriget in boete fan 220 euro.

De plysje lit ek witte dat de kollega oansprutsen wurde sil op syn gedrach. Der wurdt noch besjoen oft er in formele tik op de fingers kriget.

Trefwurden: 
boete bekeuring motorplysje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)