Partij hellet sylboat fuort

© gemeente Smellingerlân
Gemeentebelangen Smellingerlân hellet de sylboat yn it sintrum fan Drachten freedtemiddei fuort. De partij docht dat, omdat de gemeente net lije wol dat de boat der leit.
Gemeentebelangen hie de boat op de hoeke fan it Mûnein delset, om de fúzje tusken Gemeentebelangen en Smellingerlâns Belang bekend te meitsjen. Omdat der gjin fergunning foar ôfjûn is, krige de partij in twangsom fan 500 euro yn de wike. Gemeentebelangen fynt it spitich dat net foar in positive oplossing keazen is, mar foar de konfrontaasje.