Coffeeshops allinne warskôgje

Himp © ANP XTRA
Coffeeshops yn Ljouwert dy't bûtenlanners talitte, moatte net bestraft wurde, mar allinne in warskôging krije. Dat fynt D66 yn de gemeenteried fan Ljouwert. De partij reagearret dêrmei op de nije regel, dat allinnich minsken mei in wenadres yn Nederlân hjir noch yn coffeeshops komme meie. Sa moat drugstoerisme foarkaam wurde. Neffens D66 is der yn Ljouwert hielendal net in grutte tastream fan toeristen dy't spesjaal foar de coffeeshops komme. De partij tinkt ek dat der mear oerlêst ûntstiet as coffeeshops minsken derút sette.