Toer skildere troch abseilers

30 maaie 2013 - 06:54

De tsjerketoer yn Hylpen wurdt begjin juny skildere troch abseilers. De monumintestifting dy't eigener is fan de toer hat dêr foar keazen, omdat dat goedkeaper is as it opbouwen fan in steiger foar it skilderwurk. De stifting hat in bedriuw út Sint Nyk ynhierd, dat in soad ûnderfining hat mei skilderwurk fia abseilen. As it goed foldocht wurdt it bedriuw faker ynhierd. Want de monumintestifting is eigener fan alve tsjerketuorren. It skilderwurk troch de abseilers giet allinne troch as it waar dêr geskikt foar is, oars wurdt it útsteld.

Trefwurden: 
Hylpen tsjerketoer abseilers
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)