Frou ferwûne by ûngelok

Foto's: R.Koene © Compact Media / 112inhetnieuws.nl
By in ûngelok op de Vaart Zuidzijde by Appelskea is woansdeitejûn in frou ferwûne rekke. De frou kaam út de rjochting fan Smilde en seach te let dat in bus achterút ynparkearde op it hiem fan in wenning. Se botste tsjin de sydkant fan de bus.
It slachtoffer is troch de brânwacht fan Appelskea út har auto helle. Se is mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs brocht. De auto en bus binne fuortsleept.