Miljoenen yn Fryske ekonomy

De provinsje hat woansdei yn Moarre de kadernota foar 2014 presintearre. Dêryn stiet wat de provinsje dwaan sil mei de NUON-jilden. Al mei al giet it hast om 500 miljoen euro. De provinsje wol dat jild benammen ynsette om de wurkleazens oan te pakken.
Ek is der jild foar it Fûns Skjinne Fryske Enerzjy en de digitalisering fan Fryslân. Goed 8,6 miljoen euro wurdt ynvestearre yn de Fryske mienskip fia de Kulturele Haadstêd 2018. De Kadernota 2014 is de opmaat fan de begrutting foar takom jier. Ek is twa jier kolleezjebelied evaluearre.
De útfiering fan it koälysjeakkoart leit behoarlik op skema en der is al in soad berikt.