Riemer brekt mei bestjoer SC

Riemer van der Velde leit definityf syn funksjes by SC Hearrenfean del. Sa lang as de direksje gjin ekskús makket foar de kollum dy't begjin dit jier yn de klupkrante stie, sjocht de earefoarsitter gjin takomst mear by de klup. Yn de klupkrante waard Van der Velde swart makke.
Woansdei wie der foar de twadde kear in petear tusken Van der Velde en foarsitter Robert Veenstra, mar dat hat net ta in oplossing laat. Van der Velde wie der sels net by, mar waard fertsjintwurdige troch Jan Harmsma en Sjoerd Feenstra.
Dy koene de direksje net sa fier krije dat se ekskús makken. Neffens foarsitter Robert Veenstra soe dan ek Van der Velde ekskús meitsje moatte foar guon fan syn útlittings. Veenstra fynt it spitich dat it sa rûn is en stiet noch hieltyd iepen foar in oplossing.