Pas snein leger wetterpeil

© Henk Jansma
It wetterpeil yn de Fryske boezem bliuwt de kommende dagen ûnfermindere heech. Net earder as sneintemiddei kin der wer op de Waadsee loasd wurde. Dat ferwachtet dykgraaf Paul van Erkelens.
Omdat de diken en kaden no al dagen yn it wetter stean, wurdt it risiko dat de diken belies jaan moatte hieltiid grutter. Troch feroare waarsomstannichheden bliuwt it hege wetter langer yn Noardeast Fryslân. Ek foar sneon wurdt in hurde wyn ferwachte.