Fjoertoerhotel Harns yn top 5

29 maaie 2013 - 15:42

It fjoertoerhotel yn Harns stiet yn de top fiif fan CNN. De Amerikaanske nijsstjoerder hat foar it programma Main Sail in list makke mei de fiif moaiste fjoertoerhotels. De programmamakkers wiene benammen ûnder de yndruk fan it panoramyske útsicht en de Art Deco-renovaasje fan de eardere fjoertoer. Oare fjoertuorren yn de top fiif binne Sint Anthony's Lighthouse yn Cornwall, Saugerties Lighthouse en East Brother Lightstation yn Amearika en Cape Otway Lightstation yn Australië.

Trefwurden: 
Harns fjoertoerhotel
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)