Postboade oanriden yn Boalsert

Plysje-embleem © ANP
De plysje siket tsjûgen fan in oanriding yn Boalsert. Sneon 25 maaie om healwei trijen fytste in man (47) út Boalsert op de Gysbert Japicxleane. Hy wie as postboade oan it wurk doe't er fan achteren oanriden waard troch in grize Audi. De wein rekke de fytstas fan de postboade sadat dy foel. De bestjoerder is trochriden. It slachtoffer hat tal fan ferwûnings oan de fal oerhâlden. De plysje freget de bestjoerder en tsjûgen om har te melden. Dat kin op it nûmer 0900-8844.