Undersyk nei knal yn Ljouwert

Plysje-embleem © ANP
De plysje hat tiisdei yn Ljouwert tal fan huzen ûndersocht oan de Noorderweg. In bewenner hie in knal heard en miende dat der mooglik sketten wie. De plysje fûn yndie in kûgel. Op basis fan de spoaren is yn omlizzende huzen socht. Der is gjin wapen fûn. It is ek net dúdlik wa't in skot lost hat en wat de oanlieding wie. Dat siket de technyske resjerzje út. By it ûndersyk fûn de plysje yn in wenning harddrugs. Dy binne yn beslach nommen. De 24-jierrige bewenster is oanhâlden.