Te rap by wurk oan dyk del

29 maaie 2013 - 10:57

Fiif automobilisten binne tiisdei op de A32 by It Hearrenfean bekeurd. Se rieden te hurd by in spoedreparaasje oan de fangrail del. Fanwege dat wurk mochten bestjoerders net hurder as 70 kilometer yn de oere. De fangrail wie stikken gien nei't moandei in oanhingwein fan in frachtwein dwers op de dyk rekke.

Trefwurden: 
plysje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)