Frou slacht eks op de holle

29 maaie 2013 - 10:49

In 26-jierrige frou út Ljouwert is tiisdei oanhâlden op fertinking fan it mishanneljen fan har 33-jierrige eks-freon. Hy rekke dêrtroch út de tiid. It duo hie spul krigen oer de bern. De frou soe de man in tal kearen op de holle slein hawwe. Nei't de man wer bykaam, hat er de helptsjinsten belle. Hy is foar ûndersyk nei it sikehûs brocht. De frou is ynsletten om heard te wurden.

Trefwurden: 
Ljouwert plysje mishanneling
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)