Minder as 100 skoalbern mei

29 maaie 2013 - 10:26

Lytse skoallen mei minder as hûndert learlingen meie iepenbliuwe. Dat makket steatssekretaris Dekker fan ûnderwiis woansdei bekend. Yn febrewaris advisearre de Underwiisried om basisskoallen mei minder as hûndert bern op te heffen. De ûndergrins leit op it stuit op 23 learlingen.

Op it advys kaam in protte krityk, foaral ek út Fryslân, dat in protte lytse skoallen hat. Dekker makket woansdei bekend oan watfoar betingsten oft skoallen foldwaan moatte om iepen te bliuwen. Deputearre Jannewietske de Vries is ferromme oer it beslút fan Dekker.

De lytse basisskoallen ferlieze wol de kommende jierren de ekstra taslach dy't se no noch krije. Dat jild sil brûkt wurde om fúzjes en gearwurkingen te stimulearjen. Op dit stuit ha goed 1300 skoallen yn Nederlân minder as 100 learlingen, ek yn Fryslân spilet dizze problematyk. De ûndergrins leit op it stuit op 23 learlingen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)