Bestjoerder yn sleat H'sweach

29 maaie 2013 - 10:21

In 21-jierrige automobilist út Haulerwyk is tiisdeitenacht ferwûne rekke by in ûngelok. Hy miste in flauwe bocht yn de Schoterlandseweg yn Hoarnstersweach en kaam yn in droege sleat telâne en skeat noch 200 meter troch. De man is foar ûndersyk nei it sikehûs brocht. Der is in bloedproef ôfnaam om te sjen oft de man dronken hie. Syn rydbewiis is ynnommen.

Trefwurden: 
plysje Hoarnstersweach
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)