Kamera foar feiliger A7

29 maaie 2013 - 09:51

De plysje krijt dashboardkamera's foar it projekt A7 Veilig. Bestjoerders dy't oanhâlden wurde, kinne fuort de bylden fan de kamera's sjen. It projekt A7 Veilig moat de ferkearsfeilichheid en trochstreaming ferbetterje. De measte ûngelokken wurde feroarsake troch gefaarlik rydgedrach lykas te hurd ride, bumperkleve, troch read ride en mei drank op ride. Tusken 2006 en 2010 rekken 540 minsken ferwûne op de A7 yn Fryslân en Grinslân. Mei elkoar wurde yn Fryslân en Grinslân fjouwer auto's mei dashboardkamera ynset.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)