Doodemanskisten leechfiske

28 maaie 2013 - 20:35

De Doodemanskisten op Skylge binne folslein leechfiske. Dit is dien om't it wetter en it gebiet deromhinne in grutte opknapbeurt krije. It leechfiskjen moat gebeure om't de fisken de rekonstruksje fan de mar oars net oerlibje. De fisken wurde ferdôve mei elektrisiteit en dêrnei mei netten út it wetter helle.

De ielen en toarnderkes wurde yn de polder útset. De oare fisken ferhúzje nei wetter oan de wâl. De opknapbeurt fan de Doodemanskisten moat der ûnder oare foar soargje dat it wetter yn 'e winter flugger befriest. 

Trefwurden: 
Skylge fisk Doodemanskisten
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)