Skokkende saak minskehannel

Twa famkes fan in jier as 13, 14 binne de grutste slachtoffers yn de saak fan in Roemeensk gesin út Ljouwert dat fertocht wurdt fan minskehannel. Dat die tiisdeitemiddei bliken by de rjochtsaak tsjin de heit, mem en de âldste soan fan it gesin.
De famkes binne swier mishannele. Geregeld binne se oeren achter inoar yn mekoar slein. Ek moasten se seis dagen yn de wike kranten ferkeapje en op snein it húshâlden dwaan. Tsjin in minderjierrige fertochte is tiisdeitemoarn achter sletten doarren al twa jier jeugddetinsje easke.
Woansdei giet de rjochtsaak fierder en wurde de easken tsjin de oare gesinsleden ferwachte.