Jurrit Visser leit funksje del

Boargemaster Jurrit Visser
Boargemaster Jurrit Visser fan Skylge leit tydlik syn funksje del. Hy docht dit fanwege sûnensproblemen. Visser is op reis yn Turkije fallen, en syn revalidaasje hat tiid nedich. It is noch net bekend wa't de taken fan Visser oernimt. Kommissaris fan de Kening John Jorritsma sil takom wike yn oerlis mei Visser en de gemeenteried in beslút nimme oer de ferfanging.
Regel is dat de Kommissaris fan de Kening in waarnimmer oanstelt as in boargemaster mear as trije moanne út de rûlaasje is.
Ek is ferfanging fan Visser nedich om't it drokke simmerseizoen op it punt fan begjinnen stiet.