PvdA: mear omtinken foar Frysk

Der moat mear omtinken komme foar it Frysk. It Ryk moat dêrom ôfspraken meitsje mei de provinsje oer saken as ûnderwiis, kultuer en media en dy fêstlizze yn de wet Fryske Taal. Dat fynt de PvdA yn de Twadde Keamer.
De partij makket him dêr woansdei sterk foar yn in debat oer de nije Wet gebruik Friese taal. De PvdA fynt ek dat de oerheid geregeld ôfspraken meitsje moat oer saken dy't foar de Fryske kultuer fan belang binne.Fierder moat Omrop Fryslân neffens de partij in spesjale posysje krije yn it mediabestel.
Foar de PvdA sil Twadde Keamerlid Lutz Jacobi fan Wergea it wurd fiere by it debat oer de taalwet. Ek oare politike partijen hawwe wurdfierders út Fryslân. Foar de VVD sil Aukje de Vries út Ljouwert út wurd fiere en foar it CDA Sander de Rouwe fan Boalsert. De Rouwe en Jacobi hawwe dêrby net allinnich each foar it Frysk. De Rouwe en Jacobi komme tegearre ek mei in moasje om it Nedersaksysk mear mooglikheden te jaan. Se wolle dit dwaan troch it Nedersaksysk - lykas it Frysk - te erkennen yn diel III fan it Europeeske Hânfêst foar regionale en minderheidstalen fan de Ried fan Europa.