'Room, Fernandez interessant'

28 maaie 2013 - 11:35

Neffens Cambuur-trainer Dwight Lodeweges binne keeper Eloy Room (Vitesse) en oanfaller Guyon Fernandez (Feyenoord) ynteressante spilers foar takom seizoen. 'Ze staan op ons lijstje, maar we hebben nog niet met ze gesproken', sa lit Lodeweges yn in reaksje witte. Sportklup Cambuur wol de seleksje fersterkje mei spilers dy't ûnderfining hawwe yn de earedivyzje.

Lodeweges hopet in seleksje fan ûngefear 24 spilers, plus trije keepers, gearstalle te kinnen. Lodeweges: 'Vanaf volgende week moet de bal echt gaan rollen wat betreft nieuwe spelers.'

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)