Van der Veen transport fallyt

28 maaie 2013 - 11:03

Transportbedriuw Van der Veen yn Sumar freget it fallisemint oan. Neffens it fakbûn CNV binne de problemen by it bedriuw feroarsake trochdat it min giet yn de transportsektor, as gefolch fan de krisis. Nekslach soe wêze dat dizze moanne it fakânsjejild betelle wurde moat en dat Van der Veen dêr net genôch jild mear foar hat. By Van der Veen wurkje sa'n fyftich minsken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)