VVD: Boargemaster bemiddelje

Boargemaster Van der Zwan moat bemiddelje yn it konflikt binnen Sportklup Hearrenfean. Dy oprop docht de VVD yn de gemeenteried fan Hearrenfean. De partij makket him soargen oer de situaasje binnen de klup, dy't liedt ta in protte negative publisiteit. Dat is spitich foar de klup sels, mar it soarget ek foar in negatyf byld fan Hearrenfean en omjouwing, seit de VVD.
De partij wiist der op dat bedriuwen har altiten graach festigen op It Hearrenfen, mei fanwege de sportive súksessen yn de gemeente. De ûnrêst by de fuotbalklup no helpt net.