Protest SP tsjin Pastiel

De SP liet moandei by in besite fan steatssekretaris Klijnsma oan reyntegraasjeprojekt Pastiel yn Boalsert protest hearre. De demonstranten binne it net iens mei de wurkwize fan it projekt. Pastiel is it proefprojekt fan trettjin gemeenten en Empatec. It projekt helpt minsken oan wurk troch de fraach fan wurkjouwers te kombinearjen mei kwaliteiten fan wurknimmers.
De SP fynt dat minsken oan it wurk set wurde sûnder dat se dêr goed foar betelle krije. De steatssekretaris jout oan dat se de soarch begrypt en der fierder nei sjen sil.