Fjoertoer Flylân yn Harns

27 maaie 2013 - 22:20

In bysûnder gesicht yn de haven fan Harns dizze dagen. In grutte âlde koepel stiet dêr op de histoaryske stoomsleper de Adelaar. De koepel wie oant 1986 ûnderdiel fan de fjoertoer op Flylân. Doe't de top fan de fjoertoer ferfongen waard, is it hiele spul ferhuze nei Súd-Hollân. Dêr waard it brûkt as teehúske.

De stoomboat moast de koepel tiisdei oersette nei Flylân, dêr't er by de midzjetgolfbaan komt te stean as kiosk.

Trefwurden: 
Flylân fjoertoer stoomsleper
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)