Ungelok jonkje mei meanmasine

27 maaie 2013 - 21:46

In jonkje fan tsien út Sumar is moandeitejûn swier ferwûne rekke by in ûngelok mei in meanmasine oan de Heerenwei yn Sumar. It jonkje wie mei de masine yn de berm oan it meanen, doe't er yn in greppel telâne kaam. Syn heit fûn him. Hy lei doe út de tiid ûnder de masine. De heit begûn fuortdaliks mei reanimaasje.

It slachtofferke is mei de ambulânse nei it sikehûs yn Drachten brocht. Dêr is it jonkje behannele troch in spesjalist fan de traumahelikopter út Amsterdam. It slachofferke is letter nei it sikehûs yn Grins brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)