Fryske jongeren libje net sûn

27 maaie 2013 - 17:26

De Fryske jongerein libbet net hiel sûn. Dat docht bliken út ûndersyk fan de GGD ûnder 5000 jongeren tusken de 12 en 18 jier. Se bewege te min en ha gauris ûnfeilige seks.

Opfallend yn it ûndersyk, dat om 'e fjouwer jier holden wurdt, is dat no foar it earst ek it gebrûk fan enerzjydrankjes ûndersocht is. Dat is dien omdat guon skoallen de drankjes in probleem fine. Mear as de helte fan de Fryske jongeren tusken de 12 en 18 drinkt mear as ien blikje op in dei, sa hat de GGD ûndersocht.

It goeie nijs is dat jongeren hieltyd minder alkohol drinke. De GGD sil mei de gemeenten om tafel om te sjen hoe't se jongeren sûner libje litte kinne.

Trefwurden: 
ûndersyk jongeren GGD
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)