Omropkompjûter yn Azerbeidzjan

27 maaie 2013 - 17:09

It ynternetstasjon Kanal 13 út Baku, de haadstêd fan Azerbeidzjan, hat koartlyn in tal âlde kompjûters fan Omrop Fryslân yn gebrûk nommen. Kanal 13 besiket as ûnôfhinklik ynternetstasjon in demokratysk lûd hearre te litten yn Azerbeidzjan. As tsjinwicht fan de troch de oerheid kontrolearre televyzje- en radiostjoerders.

Omrop Fryslân hat sûnt in tal jierren in gearwurkingsferbân mei ferskate regionale stjoerders yn de Kaukasus. It giet om omroppen yn Turkije, Armenië en Azerbeidzjan. Omrop Fryslân is hjirfoar benadere troch Press Unlimited.

Dizze organisaasje set him yn foar de parsefrijheid yn in grut tal lannen. Free Press Unlimited hat it transport fan it materiaal ek finansierd. Omrop Fryslân hat in tal ferâldere montaazjekompjûters skonken oan Kanal 13 en in oplieding foar sjoernalistyk yn Azerbeidzjan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)