Earste peal fabriken slein

27 maaie 2013 - 16:09

Op it Hearrenfean is moandeitemiddei de earste peal slein foar it tsiisfabryk fan A-ware Group en fan it yngrediïntefabryk fan Fonterra. Kommissaris fan de Kening John Jorritsma ferjochte de offisjele hanneling.

Beide fabriken wurde boud troch Jorritsma Bouw út Boalsert. It tsiisfabryk hat in omfang van 20.000 kante meter. It yngrediïntefabryk beslacht 10.000 kante meter. Beide fabriken ha by inoar in lingte fan 500 meter. De totale ynfestearring is 125 miljoen euro. Ein 2014 moat it klear wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)