Otter oerdei op kamera betrape

27 maaie 2013 - 15:23

It is slagge om in hiele bysûndere bewenner fan de Houtwiel by Feanwâlden fêst te lizzen: de otter. Op 12 maaie wiene der al nachtbylden te sjen. Dan binne otters ek it meast aktyf. Mar Steatsboskbehear hat no ek oerdei moaie skerpe bylden fan it bist makke. De bylden bewize ek dat de otter der noch hieltiten aktyf is.

Trefwurden: 
otter Houtwiel
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)