Frachtwein dwers op'e dyk
Op de A32 is moandeitemiddei de oanhinger fan in frachtwein dwers op 'e dyk kommen te stean. Dat wie by de ôfslach Haskerdiken. De trailer wie laden mei betonplaten.
Troch ûnbekende oarsaak bedarre de frachtweinkombinaasje yn 'e berm. Troch de berging fan de frachtwein ûnstie op de dyk koarte tiid in file.