Place 2B seker wike ticht

Jongereinsintrum Place 2B yn Drachten is seker in wike ticht. Sneintejûn ûntstie der brân yn 'e kompjûterromte, nei alle gedachten troch koartsluting. Op dat stuit wie der net ien yn it sintrum. De skea falt ta. In mingtafel foar muzyk en in pear kompjûters binne ferlern gien. De kompjûterromte is no net te brûken. Ek de haadseal fan it sintrum sit ûnder it roet en stjonkt. Wannear't it sintrum krekt wer iepengiet is noch net dúdlik.