Jorritsma 'fernuvere' oer KNSB

27 maaie 2013 - 12:14

Boargemaster Annemarie Jorritsma fan de gemeente Almere is fernuvere dat de KNSB it beslút oer it nasjonaal topreedrydsintrum útsteld hat oant augustus.

Earder seine de beoardielingskommisje fan de KNSB en sportkoepel NOC*NSF noch dat it Icedôme yn Almere de bêste papieren hawwe soe, better as de plannen fan Thialf op It Hearrenfean en it TranSportium yn Zoetermeer. De KNSB soe, ûnder druk fan de lobby foar Thialf, de spulregels ûnder de wedstriid feroare hawwe.

Neffens fraksjefoarsitter Otto van der Galiën fan de PVV yn Provinsjale Steaten is it sa dat de provinsje mei it Thialfplan absolút net op foarsprong stiet', sa't kommissaris John Jorritsma sneontejûn sei nei it beslút fan de KNSB de proseduere út te stellen. As Almere de plannen finansjeel ûnderbouwe kin, kin it opnij dien wêze foar Thialf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)