Koepel ûnderweis nei Flylân

27 maaie 2013 - 11:36

De koepel fan de fjoertoer dy't ûnderweis is werom nei Flylân, komt moandei oan yn Harns. De koepel is mei de stoomsleper Adelaar ûnderweis fan Hendrik Ido Ambacht nei it eilân. Tiisdei giet it transport foar de lêste etappe nei Flylân.

Oant healwei de jierren tachtich stie de koepel op de fjoertoer fan Flylân. Doe't de koepel ferfongen waard, ferhuze de koepel nei Súd-Hollân dêr't er brûkt waard as teehúske. Op Flylân komt it koperen bouwurk by de midzjetgolfbaan te stean as kiosk.

Trefwurden: 
Flylân fjoertoer koepel
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)