Man rydt 58 km/oere te hurd
De plysje hat sneintemiddei it rydbewiis yn beslach naam fan in 26-jierrige autobestjoerder út Ens. De man ried oer de Harnzerstrjitwei yn Ljouwert by in snelheidskontrôle del. Op it stik is maksimaal 100 kilometer yn it oere tastien. De man ried 158. Hy is steande hâlden, syn rydbewiis moast er ynleverje en der is proses-ferbaal tsjin him opmakke.