Burgumer dieven oanhâlden

Oanhâlden © Omrop Fryslân
Twa mannen fan 44 en 50 jier út Burgum binne snein troch de plysje oanhâlden. Se wurde derfan fertocht dat se in saneamde 'zakbaak' stellen ha fan in bedriuweterrein yn Noardhorn. In 'zakbaak' is in mjitpeal dy't brûkt wurdt om feroaringen yn hichte fan djipper lizzende grûn te bepalen.
In tsjûge hie sjoen dat de mannen wat ynladen yn in frachtwein. De plysje stelde in ûndersyk yn en kaam yn Burgum telâne. De mannen binne oanhâlden en fêstsetten foar ûndersyk. It stellen guod is yn beslach naam.